Lytse Fryske Winterreis

Lytse Fryske Winterreis is de titel fan de foarstelling dy't Henk Swart en Herman Peenstra snein 13 jannewaris delsetten. De Fryske bewurking fan de Winterreise fan Schubert troch fan Bernard Smilde en Atze Bosch.  En in Winterreis wie it, mar net in reis fan “It wie sierlik waar en winter”, mar in reis fol fan leed en leafdesfertriet, koartsein: treurnis alom. Dat begûn al mei it úteinsetten fan de foarstelling, mei't akkordeonist Herman Peenstra it publyk ûnder de tryste klanken fan syn spylark nei de seal brocht; al wie in begraffenisstoet, it hoegde net oars. Ek de rest fan de foarstelling wie yn mineur, al like it der nei it ynimmen fan in slokje op dat de haadpersoan syn (sawol letterlike as figuerlike) swiere lêst fan him ôfsette koe.  Mar dat duorre mar in hoartsje, dêrnei sloech de mankelikens wer ta, oant en mei it lêste liet wêrnei't de haadpersoan ferdwûn, sa't it like sûnder te witten wêr't syn skonken him bringe soene.

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart