Lijn 12

It soe in middei fan genietsjen wurde, waard ús yn ’t foar tasein. In middei fan meielkoar byinoar wêze, fan mienskiplikheid. En dat waard it.
It Fokaal Ensemble Lijn 12, besteande út tsien stimmen en in pianiste, fierde fjirtjin prachtige krystlieten út, ferrassende en meast ûnbekende wurken. Gjin klassikers en meisjongers as ‘Dreaming of a White Christmas’ en ‘Silent Night’.

By it earste nûmer ‘Wana Baraka’, in liet út Kenia, waard letterlik fuort de toan set: wat in waarme klankkleur en ekspresje! En dat nivo bleau de hiele oere dat it konsert duorre oerein. Einepikefel by ‘Light a Candle’: lit ús elk foar oar in kears oanstekke. 
Ek de oansteklike útfiering fan ‘The Next Time He Comes’, mei in oansprekkende tekst oer de berte fan it krystbern en de belofte fan syn glorieuze weromkommen op ierde, liet it mêlearde publyk net kâld.

Dat de swingende spiritual ‘I Can Tell the World’ oan ‘e ein nochris as tajefte te hearren wie, soarge derfoar dat de oanwêzigen mei in mienskiplik krystgefoel nei hûs koene.

(Mar soe der no wier gjin betûfte tekstdichter wêze dy’t yn alle gefallen in pear fan dy prachtige lieten yn it Frysk oersette kin? Dan soe dat krystgefoel en de krystgedachte nei alle gedachten nóch djipper ynhâld krije…)     

 

Luister hier naar Wana Baraka (Quick Time player vereist)

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart