RakMak

Op woansdeitemiddei 24 oktober, yn 'e hjerstfakânsje, wie der in foarstelling foar jong en âld yn Theater Meerzigt. It hiet 'Rakmak' wat safolle betsjut as soadsje ûngeregeld. En dat wie it ek! It publyk bestie út 38 bern en 23 âlderen en by dy 23 âlderen wienen der sa'n fiif memmen, in pear pakes en foaral beppes. In hiele protte beppes!

Doe't we der ynkamen leinen der trije boerefeinten te sliepen op pakken strie. De hoanne kraaide, de kij balten. De feinten moasten wekker wurde, se moasten oan it wurk. Doe barde der fan alles: kij waarden molken, de piken leinen dûnsjend aaien, de mûzen waarden pleage, der waard mei wetter smiten en appelsmots preaun. Foaral de lytskes fermakken har poerbêst en dienen hiel goed mei.

Mei al dy drokte wie de dei samar om en makken de spilers in kampfjoer dêr't de bern omhinne lizze mochten te sliepen. Doe gienen de 'grutten' der út en 'sliepten' de bern noch eefkes troch. Doe gau wer nei de oare seal want dêr wachte snobbersguod en ranja!

img_6775 img_6783
img_6776 img_6789

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart