Vreeswijk en De Andersons

Saterjemiddei wienen se noch te hearren op Radio 1 by it programma Kopspijkers, woansdei 31 oktober is de premiere yn theater Belleuvue yn Amsterdam. Mar saterjejûn 28 oktober stiene de Andersons mei ien fan de lêste tryouts fan harren programma Vreeswijk & de Andersons yn Theater Meerrzigt. Foar in folle seal namen de heal Sweedske Anna en har trije jongens it publyk mei op in muzikale reis troch it libben fan Cornelis Vreeswijk (1937-1987) om ûnderweis ek noch wat te fertellen oer Sweden yn syn gewoantes. Cornelis Vreeswijk is yn Nederlân berne, mar hat foar it grutste part fan syn libben yn Sweden wenne. Hjir is hy fral bekend wurden troch bgls. De nozem en de non en Veronica, mar is hjir nea sa'n grutte stjer wurde as yn Sweden. De Andersons brochten in lytse seleksje fan syn mear as 500 lieten, meastal yn it Nedeerlânsk mar somtiden ek yn it Sweeds. Syn teksten geane foar it measte part oer de ûnderkant fan de maatskippij en de ferskoppelingen en binne no noch like krachtig en aktueel as yn de tiid dat se skreaun binne. Hy hat ek prachtige poëtyske lieten makke, mar ek dizze teksten ha allegearre in skerp rântsje. De Andersons brochten it programma mei faasje en entûsjasme en it wie dúdlik te merken dat se der sels ek in protte nocht oan belibben. It is moai dat Theater Meerzigt der ek yn slagget om, neist de foarstellings fan tichtby, ek lannelik bekende foarstellings nei Eastermar te heljen.

 

img_6830          img_6829            
                

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart