De Faginamonologen

Sterke froulju,
de wrâld kin der net sûnder.

In bysûndere foarstelling op 8 septimber yn Theater Meerzigt. It téaterseizoen waard iepene mei de ‘Faginamonologen’, spile troch fiif sterke froulju dy’t har ‘Sterke Froulju’ neame: Anja Epema, Wytske Kooistra, Ineke Kalteren, Jeltje Joustra en Trude Postmus.
Spraakmeitsjend tema fan de jûn wie de fagina, in konfrontearjend ûnderwerp mei in heech taboegehalte. Doel fan de monologen is om dat taboe te ferbrekken en dat slagge de froulju op iepenhertige en ek oangripende wize. Alle aspekten waarden besprutsen: de fagina as reden foar in soad wille, as boarne fan nij libben, as plak fan geniet, as ûnbekend terrein of as objekt fan geweld. Yn dat ramt wie de monolooch fan de Islamityske flechtlinge út Bosnië hiel beklemmend en pynlik. 
Mar der koe ek lake wurde. Allinnich al it ferskaat oan nammen foar it spesjale plakje dat de frou ta frou makket en in hilarysk ferslach fan in faginaworkshop soargen foar in soad werkenning en genokker.

Yn it foarprogramma song de út fjouwer stimmen besteande close harmonygroep ‘Froulju oer de flier’ Fryske ferzjes fan bekende en minder bekende lieten. Dy covers oer leafde, striid en ferlangen pasten goed by it tema. Ien minpuntsje: as foarprogramma wie harren optreden de lange kant neist.  

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart