De Dwerg

Guon bern út Eastermar steane thús al by de auto te wachtsjen omt se nei in optreden sille. As Mem of Heit harren fertelt dat se dêr ‘gewoan’ rinnend hinne kinne fine dy bern dat frjemd.
It is nammentlik de 1ste kear dat dêr yn Eastermar yn Theater Meerzigt in foarstelling is foar bern (en Âlden of Beppe en Pake)
Foar alle bern is dêr foarôf wat te drinken.
As de doar nei de seal iepen giet binne dêr sa’n 50 bern dy’t sitte kinne op fleurich felkleurde banken, of doazen soe’t it ek neame kinne. De grutte minsken kin dêr efter sitte en sa is de seal moai fol.
Op it ‘toniel’ stiet  in soarte fan reuzenkakstoel opwuolle mei kleden.
Fansiden stiet ien fan de beide spilers feskûle efter in keamerdraaioargeltsje.

Ada Roelants sprekt , foaral, de bern ta as hja dizze middei iepend.
Jean-Marie komt op en spilet op in sylofoan en hy hat ‘de Dwerg’ op’e earm.
Hy fertelt foarôf yn’t koart wat dêr barre kin en dat hy yn it ferhaal net in wurd Nederlansk prate sil! Sille de bern it ferhaal wol begripe as dêryn  in ûnfersteanbere taal sprutsen wurdt? 
Wylst it oargeltsje spilet en Jean-Marie him ferklaaid efter de kakstoel sitte de bern noflik om harren hinne te sjen en prate mei elkoar.

As hy begjint mei it ferhaal: “Er was eens…..” is it ynienen mûsstil yn’e seal  wylst Jean-Marie nei wat ûnfersteanber praat en frjemde meneuvels ynienen mei in grutte inge draak, dy’t syn grutte bek wagenwiid iepen hat, foar de bern del rint.  Dragonja is de namme fan de draak. Hy hat fansels in rol yn it ferhaal. It giet oer in gouden aai dat al mar grutter wurdt en dan iepen brekt. Tuskentroch bard dêr fanalles. De bern fermeitsje harren ta de teannen út. Al dy healwizichheden, inge lûden , de leave krûpkes mei it aai en de dwerg. It is in spannend ferhaal wat útbylde wurdt en de bern joue har dêr alhiel yn. It rint fansels goed ôf.
Ek yn it skoft is dêr goed om de bern tocht, dêr steane skalen fol mei spekjeguod ensafh. foar harren klear en wer wat te drinken fansels.

Oan’e ein is dêr muzyk en Bevort en de oargelspiler krije in grut applaus fan alle oanwêzigen. Hiel aardich is dat de beide spilers blommen krije fan 2 bern út’e seal.
Dat ha se dik fertsjinne.

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart