KREDO - tonielstik fan Gerrit Breteler

De minsken dy’t dizze jûn op it stik Kredo ôfkamen koene harren jassen yn de theaterseal kwyt en dêr stie ek in kopke kofje of tee foar harren klear. Yn ‘e romte dêr’t de bar is stiene no 80 stuollen foar it publyk. Kredo spilet him nammenlik ôf yn’e kroech en it publyk sit jûn yn dy kroech en is somtiden ûnderdiel fan it stik.
Lykas yn it foarige stik Katarsis hat Gerrit Breteler ek no wer, op net mis te fersteane wize, syn soarch en noed foar in tal fasetten fan it plattelân ferwurke yn in tonielstik en alles wer op rym! It giet hjir foaral om de Fryske taal, de sûnenssoarch en it Fryske kultuerguod. Wat binne de konsekwinsjes fan al dy feroarings en wat kinne de bewenners dwaan? Dat is foar de spilers yn dit stik de fraach.
Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma binne de spilers dy’t ek yn Katarsis alle rollen foar harren rekken namen. Ek no, yn Kredo, spylje hja beide meardere rollen.
Hja steane as Anke en Gerrit efter de taap, Anke feroaret sûnder swirrichheden yn Bianca van Slageringen, in ‘diva’ út it westen, dy’t harsels: ‘alert en pittig’ neamt en o sa ‘skiteldeftich’ praat. Pytsje is fan’e thússoarch: ‘Het frisse land’ en yn har dwaan en litten net ien fan de rapsten. Lutske, in jonge faam, komt om audysje te dwaan. Alle rollen lykje Anke Bijlsma op it liif skreaun te wêzen. Geweldich!
Gerrit Haaksma syn ‘haadrol’ is dy fan emearitus dûmny H.H. Strikwerda, de man dy’t himsels no tige wichtich fynt as grutte adviseur fan ‘Het frisse land’ en dat yn’e kroech lûd en klear hearre lit. Hy brûkt it publyk as klankboerd om syn sjochwize kenber te meitsjen. Dizze H.H. Strikwerda hat ek noch in tonielstik skreaun Werom nei Siddeburen en dat moat fansels yn dizze kroech spile wurde. Marije fan Omrop Fryslân,  komt foar in reportaasje nei de kroech. Rudy See (3 jier lien út’e kast kaam) fertelt dat er kanker hat wat oan’e ein fan it stik lokkich net sa blykt te wêzen. Wat set Gerrit dit persoanaazje  moai del. It falt net ta om alle linen  yn it stik goed te folgjen, de wikselingen fan de persoanen giet rap en is dúdlik mar de petearen en de diskusjes oer de ferskate saken mei hieltyd wer in oare persoan hiene foar de dúdlikens wol wat wiidweidiger mocht. Dêr is in soad te laitsjen foar it publyk ek al is de strekking fan de saken dy’t oan’e oarder komme earder om te gûlen. De foarste rige fan de besikers yn’e kroech is tagelyk publyk en wurdt troch de spilers gouris yn it stik belutsen. Ien persoan  krije se sels safier dat hy foar hûn spilet. Lutske  komt om audysje te dwaan en moat fan Dûmny H.H. Strikwerda  in eroatyske sêne mei him spylje. Lutske is dêr net bliid mei dat H.H. Strikwerda it meardere kearen oerdwaan wol mar foar it publyk is it fermaaklik. Pytsje liket oandien as hja it lêste gedicht foardraacht, it liket ek de oanwêzigen te reitsjen. Anke en Gerrit hawwe lapen tekst yn’e holle, yn geef Frysk en mei moaie sizwizen. It optreden wurdt ôfslúten mei in liet dat songen wurdt, oer de radio, troch Gerrit Breteler.
Al wiene dêr lûden fan guon minsken dy’t it somtiden wat te stûf gie, it wie in hiel bysûnder stik. In tige aktueel stik yn dizze tiid fan besunigings op wichtige saken.

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart