Hylke Speerstra fertelt syn nije ferhalen

Op dizze sneintemiddei kin in seal fol minsken harkje nei de ferhalen fan skriuwer en foardrager Hylke Speerstra.
De ferhalen wurde ôfwiksele mei lieten dy’t songen wurde troch Bauke van der Woude & Campbell Forbes.
De lieten slúte wat de tekst oangiet oan by de ferhalen dy’t Hylke fertelt.
It waar hat him alhiel oanslúten by de winterferhalen, der leit snie en iis op’e fearten.
Mikrofoans en kabels binne dêr by dit optreden net te finen, de artysten fertelle, sjonge en spylje sûnder 'fersterkende’ middels.
Dêr steane trije Friezen op it toniel, seit Hylke. Campbell komt fan’e Bahamas mar hy fielt him ek in Fries. In ‘Palmfries’ hear ik sizzen. No dat is in earenamme.

Tige tapaslik begjinne Bauke en Campbell mei it liet: In Fries.
Dan komt Hylke mei syn earste ‘winterferhaal’ en net allinne omdat it in prachtich ferhaal is mar ek omt Hylke it sa moai fertelle kin, hat hy in hiel oandachtich publyk tsjinoer him.
Bauke en Campbell sjonge dan Bring my werom nei Fryslân makke troch Bauke nei in gedicht fan in Fries om útens út Michigan.
Hylke komt mei in kostlik ferhaal en it publyk skuort harren de bûsen út.
Dêr komt in tal foto’s fan eartiids op in beamer wêr’t Hylke syn ferhaal mei fersterket.
Nei it skoft wurdt it ferhaal Oer de skoalle fan doe en no opdroegen oan Juf Zuiderveld, hja sit yn’e seal en kriget fan Hylke en hja kriget in moai bosk blommen.
De smûke seal fan Meerzigt sit fol mei in publyk dat sit te genietsjen fan wat Hylke fertelt en wat Bauke en Campbell sjonge. Fannemiddei blykt mar wer hoe moai en wichtich ‘taal’ is. Hylke dy’t yn syn ferhalen alle hoeken fan it Fryske taalgebied brûkt en Bauke & Campbell dy’t net allinne yn it Frysk sjonge mar ek yn it Harnsers. Ien fan de lieten hie as titel It is de taal.
Dat it optreden fan de trije artysten sa yn harmony wie komt neffens my troch it feit dat hja nocht ha oan wat se dogge en dat graach diele mei publyk.
Út de goeie sfear tusken de mannen ûnderling blykt in persoanlike freonskip en dat makket dat se dy sfear oerbringe oan it publyk.
Ik nim oan dat de harkers nei it optreden fan dizze middei mei in gefoel nei hûs geane fan: “Bliid dat wy by dit optreden oanwêzich west ha”.
It moaie is dat Hylke syn ferhalen yn syn boeken werom te finen binne en en dat Bauke & Campbell harren lieten op cd setten hawwe.

 

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart