Nanne & Ankie

Harksankjes & ferhalen yn meardere talen

Foardat Nanne en Ankie útein sette kriget it publyk de premiêre fan it nije webstek fan Theater Meerzigt. Wy krije in presintaasje te sjen en te hearren fan Rienk Vlieger, de man dy't it webstek gearstald hat. It sjocht dêr goed út. Elk kin it sjen op: www.theatermeerzigt.nl

Dan yntrodusearret Ada Roelants Nanne & Ankie dy't de harkers dizze jûn in part fan harren muzikale program hearre litte sille.

Nanne & Ankie begjinne mei in al wat âlder nûmer út'e tiid fan Irolt mei in tekst fan Fedde schurer: "de fisker", it liet giet oer leafde, skjintme en wûnders. Nanne spilet hjirby op'e contrabas en Ankie docht dat op'e gitaar. Nanne hat in tennisearm mar sil 'gewoan' de ynstruminten bespylje. Beide sille dizze jûn noch ferskate oare ynstruminten bespylje, lykas de concertina, mandoline, mûlharp en hiel nijsgjirrich, Ankie spilet by it liet De ballade fan it Froutsje fan Stavoren op de 'Schalmei' - dat is in frij grutte fluit. Ankie fertelt it ferhaal dat yn'e 16de ieu dit liet as in jûnsprogram oer it fuotljocht brocht waard, safolle kûpletten hie dit liet. Ankie en Nanne dogge hjirfan fansels mar in pear. Mei dit soarte fan aardige ferhalen wurde de lieten ôfwiksele.

By guon fersen hiene hja moaie beskildere doeken mei de tekst fan in kearsang. It publyk koe meisjonge en dat diene hja graach lykas by: Het zilver van de Zuiderzee enYou can not change and remain the same. Ankie en Nanne sjonge it mearst yn it Frysk mar oare talen mije se nei. Bysûnder is dat hja meardere stikken yn it Esperanto sjonge. Dizze jûn binne dat: It kikkerkwartet en In bûnte optocht.

Ankie hie it ferhaal oer de ynhâld foarôf oan de harkers fertelt en tocht doe dat dy it wol begripe soene as hja it liet yn it Esperanto songe soe. Ik tink it net as ik fan mysels útgean! Moai mei dy is it lêste fers foar it skoft. In moai liet mei in oansprekkende tekts, it publyk sjongt spontaan mei, mei Ankie dy't op'e gitaar spilet en Nanne op'e contrabas.

As wy nei it skoft de seal ynkomme sjonge en spylje Ankie & Nanne: See, see do wide see. De minsken sykje al sjongend harren plak wer op. In goeie stimming om de 2de helte fan dit program mei te begjinnen.

Nanne fertelt dat hja yn 2007 benadere binne mei de fraach: Wolle jimme lieten skriuwe oer de slúting fan'e ôfslútdyk. Dat wie doe 75 jier lyn en men woe dat betinke. Kind op de afsluitdijk sjonge Ankie en Nanne sa moai, wol tagelyk mar beide mei in eigen tekst. Liedje voor Grietje koe it publyk wer meisjonge, tekst en foto's fan Grietje Bosker stiene op in doek.

It ferhaal fan Henry Hudson fertelt troch Nanne. De halve maan is it skip dêr't Ankie en Nanne oer sjonge. It giet oer de reis dy't Henry Hudson dêrop makke.

Ik bin de tiid kwyt is in oansteklik liet dat fleurich meisongen wurdt. Oanspield is wer hiel oars. In leafdesliet mei de tekst fan Tsjits Peanstra wylst Nanne de meldij dêrby makke hat en it is Ankie dy't it sjongt.

It rint al nei alven as Nanne & Ankie in steand applaus en blommen krije.

Neffens my hie de tennisearm gjin inkele ynfloed op it spyljen fan Nanne.

It hat jûn wer bliken dien dat Ankie en Nanne in hiel grut ferskaat oan lieten en ferhalen ha. Dat makket dat in optreden fan harren eltse kear wer oars en ferrassend is.

Wat wol altyd itselde by dit stel is? De passy foar it sjongen en spyljen.

Trio C tot de 3e

Irene Maessen en Marcel Worms

Lytse Winterreis (Schubert)

Gerealiseerd door Studio Staalkaart